Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Potatoes go Wild.

Bisto dy der bewust fan hoe wichtich bouboeren foar dyn deistich iten binne? De Biltske ierappelwiken litte dat útdruklik sjen mei ûnferwachte en literêre projekten en eveneminten. In prachtich ûnderdiel is in poëtyske útwikseling mei Malta. De haadstêd Valletta is ek Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018.

De Biltske ierappelwiken yn 2018 binne fol mei sympoasia, keunstprojekten en eveneminten foar jong en âld. De talige en literêre programma-ûnderdielen binne:

Poetic Potatoes
Yn 2018 binne sawol Ljouwert as Valletta, haadstêd fan Malta, kulturele haadstêd fan Europa. Ljouwert en It Bilt hawwe al in relaasje mei Malta sûnt ûngefear 1850. Alle jierren rûn it ein fan septimber ferlitte de earste poatierappels It Bilt en wurde ferskippe nei Malta. Yn maart komme de nije ierappels, útgroeid út it poaterguod, itselde paad wer werom. Sawol Malta as Fryslân binne dêrneist offisjeel twatalich en hawwe in grutte skat oan moderne en klassike poëzy. Dit alles late ta in literêr poëzyprojekt: in útwikseling fan Fryske en Malteeske gedichten.

By de start fan Poetic Potatoes is ek in útwikselingsprojekt mei basisskoallen úteinset. Njonken foardrachten en begelieding troch dichters, wikselje ek bern gedichten út. De earste selsskreaune poëzy fan Biltske skoallen is yn septimber 2014 yn in kontener mei poaters nei Malta stjoerd. In antwurd dêrop kaam yn maart 2015 werom mei de nije Malta’s. Der is oantreklik meartalich lesmateriaal ûntwikkele, dat beskikber steld is oan de basisskoallen.

Fruchtbere grônd
Sa’n 25 keunstners út ‘de fjouwer Fryslannen’ yn Noard-Europa eksposearje yn sân ierappelskuorren op de Aldebiltdyk. De keunst hat in direkte relaasje mei de lanlike omjouwing, gearstald troch Anita van Os (Roos van Tudor, Ljouwert). Dernjonken is der oandacht foar de histoarje fan de Fryslannen en harren ferskillende Fryske talen. De besikers krije ek rûnliedingen op de boerebedriuwen. De tentoanstelling is fergees te besykjen.

Altyd seumer
Dizze grutskalige lokaasjefoarstelling op in ikker by Swarte Hoanne, mei mear as 150 spilers en muzikanten, giet oer ‘de langst nei altyd mear’.  It is in krityske foarstelling oer ús oanstriid ta fergriemerij. It stik is basearre op it ferhaal fan Bilkert Willem van Haren. Hy libbe omstrings 1700 en wie diplomaat, grytman, reizger en skriuwer en leit begroeven yn de Van Harenstsjerke yn Sint Anne. Skriuwer fan dizze spektakulêre foarstelling yn de Biltske taal is Bouke Oldenhof.  De muzyk is fan Egon Kracht. Sjoeke-Marije Wallendal docht de rezjy, sy wurket nau gear mei de bekende Fryske regisseur Jos Thie.

Wêr
Ferskillende lokaasjes yn It Bilt, tsjek de webside

Wannear
Poetic Potatoes: poëzy fan Fryslân en Malta, no o.m. maaie 2018
Fruchtbere grônd: keunst yn ierappelskuorren, 21 juny – 15 july 2018
Altyd seumer: muzykteäterfoarstelling, 29, 30 juny en 1 july 2018

Partners
Stichting De Bildtse Aardappelweken, Sint Annaparochy