Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Sichtberens.

Op in boartlike en byldzjende wize it Frysk en meartaligens sichtber meitsje yn de iepenbiere romte, dat is wêr’t it projekt Sichtberens om draait!

Yn Fryslân litte wy graach ús meartalige rykdom (mear) sjen yn de iepenbiere romte. Mei it Frysk yn it bysûnder. De provinsje Fryslân spilet in wichtige rol om de taalwetjouwing sichtber te ymplemintearjen. Te begjinnen yn Ljouwert.

Tegearre mei de gemeente Ljouwert ha wy (Lân fan taal) it projekt ynhâldlik stipe. Keunstner Marten Winters en ûntwerper Aad van Altena ha in kreative foarm betocht om taal libje te litten mei rake teksten op sichtlokaasjes yn ús haadstêd. De taskôger kin dêr by fersin tsjinoan rinne of op taalaventoer de stêd yn gean.

Sichtberens.nl