Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Sjong! Zing! Sing!.

Wat is der no moaier as sjonge yn ‘e klasse? Yn it Frysk, in oare taal of sels meartalich? Skoallen en klassen skriuwe yn 2017-2018 in eigen liettekst, oer harsels en harren omjouwing, en dogge dêrmei audysje foar in talintejacht yn maaie. As warming up wurde skoallen útnûge om mei te sjongen by de offisjele iepening fan it Kulturele Haadstêdjier. Wy meitsje in grut bernekoar dat mei Nynke Laverman en it Noord Nederlands Orkest it spesjale LF2018-liet sjongt!


De 2018-jier-tune hjit ‘Seis oere thús’ en giet oer foarútsjen. It Noord Nederlands Orkest en sjongeres/lietskriuwer Nynke Laverman bringe dit liet live tidens it iepeningswykein fan Kulturele Haadstêd (27 – 29 jannewaris 2018). Der wurde safolle mooglik skoallen útnûge om mei te sjongen!

En dat is noch mar de ôftraap fan it meartalige feest dat Sjong is. Foar basisskoallen dy’t in eigen liet skriuwe, wurde ‘basistracks’ en spesjaal lesmateriaal beskikber steld. De midden- en boppebouklassen dy’t dêrnei mei harren eigen nûmer meidogge oan audysjes, meitsje kâns op ien fan de acht plakken yn de grutte finale. Tidens dat úteinlike songfestival – ûnderdiel fan City Proms yn Ljouwert – falle prizen te winnen foar bêste útfiering en bêste songtekst.

Foar midden- en boppebou primêr ûnderwiis. Wy biede ynspiraasje en tips & tricks foar learkrêften yn kombinaasje mei de ynspiraasjejûnen fan KEK2. En sels in singer-songwriter yn ‘e klasse.

Wêr
Iepening LF2018 en finale talintejacht yn Ljouwert
Fierder: op basisskoallen yn ‘e hiele provinsje

Wannear
Ynspiraasje foar learkrêften 15 novimber 2017
LF18-liet: jannewaris 2018
Audysjes: tusken 1 maart en 1 maaie 2018
Finale: ein juny 2018, tidens festival City Proms

Partners
Afûk, Cedin, Tryater, Keunstwurk, SAKO, City Proms, Omrop Fryslân en KEK2

 

 

  • 1 Maart 2018 1 Maaie 2018
    Audysjes
  • 28 Juny 2018 1 July 2018
    Finale
    Leeuwarden, Nederland