Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Skatkeamer fan de Fryske kultuer.

‘The place to be’ foar elkenien dy’t niget hat oan kultuer en literatuer is Tresoar, in modern bewarplak en de skatkeamer fan de Fryske histoarje. Dêr kinst yn 2018 yn ‘e kunde komme mei de rike Fryske kultuer yn Europeesk perspektyf. Fan midsiuwske hânskriften yn ‘e klûs, fia unike eksposysjes, nei histoaryske en nije filmprojekten!

In greep út de skatkeamer:

Treasure wall
Op in muorre fan LED-skerms lit Tresoar net earder ûntdutsen Fryske skatten sjen. It moderne display fan de skatkeamer fan Fryslân stiet ek geregeld ta beskikking fan artysten, muzikanten of dichters dy’t yn Tresoar optrede.

Belibje it Aldfrysk yn ‘e klûs
De grutte klûs dêr’t wichtige Aldfryske hânskriften út ‘e Midsiuwen lizze, giet iepen foar it publyk. Yn multymediale presintaasjes fan tsien minuten komme de rjochtsteksten ta libben.

Dokumintêre: Yn dit lânskip leit myn libben
Filmmakkers Halbe Piter Claus en Ismaël Lotz meitsje yn 2017 de film Yn dit lânskip leit myn libben, yn 2018 oanienwei draaid yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. In kreative dokumintêre oer de rykdom en de skjintme fan de Fryske literatuer. Oan it wurd komme de bekende Fryske skriuwers Hilda Talsma en Hylke Speerstra en kultuerkritikus Huub Mous. Alle trije skriuwe hja in brief oan in al ferstoarne Fryske skriuwers. It dekôr fan de film is de Skriuwersarke – de eardere wenarke fan de skriuwer Rink van der Velde – dy’t yn in petgat op ‘e Feanhoop leit. De dokumintêre duorret 30 minuten.

Visual poetry
Tresoar ûndernimt in ferliedlike ekspedysje nei it eigensinnige taalgewest dêr’t eksperimintele dichters geregeld bûten de lyntsjes kleurje en tekst it karakter fan byld oannimt of oarsom.

Histobios yn Tresoar
Yn de Histobios, in lytse bioskoop yn ‘e stúdzjeseal fan Tresoar, kinst dy elke dei oan ien tried wei troch ûnderdompelje yn de Fryske filmskiednis. Films fan ûnder oaren Fryske pioniers út de kolleksje fan it Fries Film Archief, amateurfilms út de hiele provinsje en programma’s en dokumintêres út it argyf fan Omrop Fryslân.

Tentoanstelling: Piter Jelles Troelstra
Yn april 2018 iepenet Tresoar in fêste tentoanstelling oer de Fryske steatsman, skriuwer en dichter Piter Jelles Troelstra en syn foarleafde foar taal. De klam leit op syn net-politike publikaasjes, dy’t te lêzen én te beharkjen binne yn Tresoar.

Salang’t de beam bloeit: hânboek oer de Fryske literatuer
It is tiid foar in nije tagonklike Fryske literatuerskiednis! Joke Corporaal docht de Fryske literatuerskiednis op ‘e nij út ‘e doeken yn ‘e foarm fan in hânsume gids (yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk) foar de boppebou fan it fuortset ûnderwiis, hbû-studinten en oaren dy’t ynteressearre binne.

Tentoanstelling: Latyn yn de Frjentsjerter Universiteitsbibiloteek
René Descartes, Anna Maria van Schurman, Maria Sybilla Merian: it binne net de earste de bêsten dy’t ea yn Frjentsjer studearre of wurke ha! De Latynske taal hie dêrby in binende en wichtige rol. Yn gearwurking mei en yn Museum Martena organisearret Tresoar in tentoanstelling oer de rol fan it Latyn op de Frjentsjerter Universiteit.

Tenstoanstelling: Topstikken yn de kelder
De depots fan Tresoar lizze fol mei bysûndere en nuveraardige skatten. Yn 2018 wurde de topstikken út de kolleksje útstald. Te sjen binne bygelyks de houliksakte fan Rembrandt, it âldst skreaune boek fan Fryslân en de moaie manuskriptkaart fan De Slachte.

Wêr
Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Tagong fergees

Wannear
Jannewaris o.m. desimber 2018, tidens iepeningstiden fan Tresoar

Partners
Tresoar, Provinsje Fryslân, KH2018, Fries Film Archief

  • 6 Oktober 2017 Freed 15:00
    Iepening Troelstra tentoanstelling
    Tresoar, Boterhoek, Leeuwarden, Nederland
  • 9 Novimber 2017 Tongersdei 14:30
    Filmpremjêre Yn dit lânskip leit myn libben
    Stadsschouwburg De Harmonie, Ruiterskwartier, Leeuwarden, Nederland Bestel kaartsjes
  • 26 Jannewaris 2018 31 Desimber 2018
    Skatkeamer fan de Fryske kultuer
    Tresoar, Boterhoek, Leeuwarden, Nederland