Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Stimmen: wittenskip (lêzingen).

Yn 2018 organisearje Ryksuniversiteit Grins en Lân fan taal seis kear in populêrwittenskiplike lêzing, wêrby taal sintraal stiet. Hieltyd op tiidsdeitejûn fan 20.00-21.00 oere yn Obe. Fergees tagonklik, mar oanmelde is wol ferplicht.

Ryksuniversiteit Grins is partner fan Lân fan taal en hat yn 2017 al suksesfol har app ‘Stimmen fan Fryslân’ lansearre. Mei dizze app trasearresto as sprekker fan it Frysk, Biltsk, Stedsfrysk of it Nedersaksisch yn Fryslân de komôf fan dyn taal. Yn 2018 organisearje Ryksuniversiteit Grins en Lân fan taal seis kear in populêrwittenskiplike lêzing, wêrby taal sintraal stiet en ûnderwerpen lykas taalûntwikkeling, demintens en meartalichheid oan bod komme.

De lêzingen fine hieltyd plak op in tiisdeitejûn fan 20.00-21.00 oere (ynrin fan 19.30 oere ôf) yn Obe. De lêzingen binne fergees tagonklik, mar foarôf oanmelde moat efkes y.f.m. de beheinde kapasiteit. Oanmelde kin mei it ‘sign up’ formulier hjirûnder.

De data en sprekkers binne as folget:

  • ti 3 apr. – Bedrige talen fêstlizze yn Amazonië – Bernat Bardagil-Mas
  • ti 1 mai. – Fryske Piepers! Feroaringen yn de Fryske taal – Dr. Willem Visser
  • ti 5 jun. – Wannear is meartaligens goed foar dy? – Anna Pot
  • ti 2 okt. – Spraak- en taalproblemen by minsken mei dementins – Roel Jonkers
  • ti 6 nov. – “Wat is, like, de deal met Engelse invloed in het Nederlands en shit?” – Dr. Remco Knooihuizen
  • ti 4 des. – Meartaligens en de harsens – Dr. Hanneke Loerts


Mear ynformaasje fan de earsfolgjende lêzingen: 

 

Tiisdei 5 juny
Wannear is meartaligens goed foar dy? (lêzing is yn it Nederlânsk)
Dy goed fersteanber meitsje yn in oare taal is net allinnich handich yn kommunikaasje, it is faaks ek goed foar dyn sûnens. Alteast, dat lit in ferskaat oan stúdzjes nei meartaligens en ferâldering sjen. Guon ûndersikers beweare sels dat wy it learen/sprekken fan in oare taal ynsette kinne as ‘terapy’ tsjin ferâldering fan it brein. Mar hoe draacht meartaligens by ta in sûner brein? Of is dit faaks té fier socht? Binne der noch oare manieren wêrop’t meartaligens goed foar dy is? Yn de Stimmen-lêzing op tiisdei 5 juny behannelet ûndersiker Anna Pot dizze fragen oan de hân fan foaroansteand ûndersyk nei taal en it âlder wurdend brein. Ek giet sy yn op de ynpakt dy’t dyn taalomjouwing hat op it ferâlderingproses, foaral wannear’tst de taal fan dyn omjouwing minder god behearst.


Sign up form: Stimmen lezing/lecture

  • Kies ien of mear data om dy foar oan te melden. Kies een of meer data om je voor aan te melden. Choose one or more dates to sign yourself up.
  • Please enter a value between 1 and 20.