Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Taal-billboards troch bern.

Fan ein 2017 ôf dûke yn Ljouwert billboards op dy’t bern skreaun en foarm jûn hawwe. It is it resultaat fan ‘Taal yn Byld’, in projekt fan NHL Hegeskoalle en acht basisskoallen: : IKC Aventurijn, obs Eestroom, IKC de Kinderkoepel, obs De Plataanschool, cbs Prins Mauritsschool, IKC Trianova en cbs Willem Alexanderschool.

Yn de oanbelangjende seis wiken húzje tsientallen nasjonaliteiten en talen. By ‘Taal in Byld’ draait it om it wurdearjen fan de memmetaal fan dysels en fan in oar, en it belibjen fan taalwille. De learlingen sammelen moaie sinnen en spreuken út de memmetalen fan harren âlden. Dizze sinnen ha sy dêrnei prachtich yn byld brocht op posters, faak tegearre mei de âlden. De learlingen krije mei de keunstige billboards in prachtich úthingboerd foar harren taal en teksten. Eat om grutsk op te wêzen! De billboards binne no op sân lokaasjes te sjen, de Strjitten fan Taal, ferspraat oer Ljouwert. Dêrneist binne de posters begjin septimber noch te sjen op UITfestival Ljouwert, boppe-op OBE.

De bern gien sels ek de strjitte op om ûndersyk te dwaan nei alle talen yn harren wyk. Se diele de resultaten fan harren ‘fjildwurk’ mei-inoar en fansels mei de besikers fan Lân fan taal.

De kinderen gingen ook zelf de straat op, om onderzoek te doen naar alle talen in hun wijk. Ze delen de resultaten van hun ‘veldwerk’ met elkaar en natuurlijk met de bezoekers van Lân fan taal.

Wêr
De Strjitten fan Taal binne te finen op de folgjende lokaasjes:

  • Prins Mauritsschool: bûtenkant winkelcentrum Bilgaard (Ludinga)
  • De Eestroom: winkelsintrum Vrijheidswijk (by Zaika Handmade Burgers)
  • De Plataanschool: by wyksintrum Schieringen-Heegterp (Egelantierstraat)
  • IKC Aventurijn: hek by de skoalle (Tjerk Hiddestraat)
  • De Kinderkoepel: hek lâns de Vredeman de Vriesstraat
  • Alexanderschool: neist de Aldi winkelsintrum Aldllân (Stinzenflora)
  • Trianova: bûtenkant MFC Camminghastins (Lieuwenburg)

 

Wannear
Skoallen wurkje sûnt maart 2017 oan dit projekt. It resultaat is te sjen fan 24 maaie 2018 ôf op sân lokaasjes yn de wiken en begjin septimber op it UITfestival.

Partners
NHL Hegeskoalle (Pabo, Lektoraat Taalgebrûk & Learen en Lektoraat Frysk & Meartaligens), Kunstkade, DNALWD2018