Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Taaltoer.

Us taal en ús stêd, beide binne ús fertroud. Wy kenne de wurden, sinnen en fragen. Wy kenne de strjitten, de lûden, de drokte, de minsken. Dochs? Gean mei op Taaltoer en kom derachter dat taal net fanselssprekkend is en dat it ek frjemde útgroeisels kent.

Tidens de Taaltoer komst op plakken dêr’tst noch nea earder west hast, of op plakken dêr’tst fan tochtst datst der bekend mei wiest. Mei syn allen sille wy op syk nei de krochten fan de (strjit)taal en de stêd. In gids nimt dy mei nei ferskillende plakken mei in eigen taal: Wat fertelle de echo’s yn ‘e kelders fan de Blokhúspoarte? En wat is dat dochs mei dat rabjen yn ‘e kappersstoel? Wat hearst yn ‘e gearkomsteseal fan de gemeente, yn ‘e keuken fan ‘e Sinees om ‘e hoeke, of gewoan op it skoalplein?

De Taaltoer nimt dy mei: elke kear ûntdekst in nij taalfenomeen. Do komst yn ‘e kunde mei ferskillende dichters, keunstners, wittenskippers én de ynwenners fan Ljouwert. Elkenien kin mei taal boartsje.

It programma wurdt makke yn gearwurking mei Explore The North. Bliuw fia dit Facebook Evenemint op ‘e hichte fan de ynhâldlike tema’s van de Taaltoers en nûgje dyn freonen út.

Foar elkenien âlder as 12 jier. Op syn heechst 20 dielnimmers per Taaltoer. Geskiktheid foar rolstuollen is ôfhinklik fan it programma.


Sign up form: Taaltoer / Language Tour

  • Kies ien of mear data om dy foar oan te melden. Kies een of meer data om je voor aan te melden. Choose one or more dates to sign yourself up.
  • Please enter a value between 1 and 20.
  • Watfoar taal/talen ferstiesto of ferstean jimme? Welke taal/talen versta jij of verstaan jullie? What language(s) do you understand?

 

  • 16 November 2017 Thursday
    Taaltoer: Sosjolekt Obe, Lân fan taal
    Heer Ivostraatje 42B, 8911 DZ Leeuwarden, Nederland
  • 18 January 2018 Thursday
    Taaltoer: US Lân fan taal Obe, Lân fan taal
    Heer Ivostraatje 42B, 8911 DZ Leeuwarden, Nederland
  • 22 February 2018 Thursday 19:00
    Taaltoer: Klanktaal Obe, Lân fan taal
    Heer Ivostraatje 42B, 8911 DZ Leeuwarden, Nederland
  • 15 March 2018 Thursday 19:00
    Taaltoer: Etymology // FOL! Obe, Lân fan taal
    Heer Ivostraatje 42B, 8911 DZ Leeuwarden, Nederland
  • 19 April 2018 Thursday 19:00
    Taaltoer: Memmetaal // FOL! Obe, Lân fan taal
    Heer Ivostraatje 42B, 8911 DZ Leeuwarden, Nederland
  • 17 May 2018 Thursday 19:00
    Taaltoer: Geheimtaal Obe, Lân fan taal
    Heer Ivostraatje 42B, 8911 DZ Leeuwarden, Nederland
  • 20 September 2018 Thursday 19:00
    Taaltoer: De taal fan ‘e stêd Obe, Lân fan taal
    Heer Ivostraatje 42B, 8911 DZ Leeuwarden, Nederland
  • 18 October 2018 Thursday 19:00
    Taaltoer: Gebeartetaal Obe, Lân fan taal
    Heer Ivostraatje 42B, 8911 DZ Leeuwarden, Nederland
  • 15 November 2018 Thursday 19:00
    Taaltoer: Personifikaasje Obe, Lân fan taal
    Heer Ivostraatje 42B, 8911 DZ Leeuwarden, Nederland