Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Taletún.

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt yn 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Keunstners Machiel Braaksma, Bouke Groen en Sibe Jan Kramer ûntwerpe en meitsje ferskillende (boarters)objekten. Tagelyk skriuwe ûnder oaren Paul van Dijk, Riemkje Pitstra en Mirjam van Houten spesjale ferhalen. Mei-inoar leveret dat aardige en learsume rûtes op. (Jonge) besikers boartsje mei taal, belibje taal en meitsje sels taal!

Taalaventoer
De jongsten geane yn de Taletún op syk nei de freonen fan Tomke (pjutten) of Rinze de Kikkert (groep 1 en 2). Foar de bern fan groep 3, 4 en 5 giet der yn de tún in wrâld fan talen iepen: se geane op syk nei – en ûntdekke bekende mar ek ûnbekende talen en geheime boadskippen. Foar de groepen 6, 7 en 8 wachtet in spannend (taal)aventoer. Wat bart der mei dy as’t yn in lân komst wêrs’t de taal net kinst? Wat docht taal mei dy? Wat bart der asto dyn eigen taal net prate meist? En kinne wy mei syn allen in nije taal meitsje? Masters, juffen en liedsters kinne in besite oan de Taletún tariede mei oanfoljend en spesjaal foar de Taletún troch de Afûk ûntwikkele lesmateriaal. Mear ynformaasje en oanmelde fia Kultuerfilter.nl.

Der op út mei heit&mem
Op 15 sneonen is der in spesjaal programma foar bern fan 0 oant en mei 12 jier en harren heiten en memmen: der op út mei heit&mem. Mar nim foaral ek pakes en beppes, omkes en muoikes, broerkes, suskes, neefkes, nichtsjes en alle oaren mei, want de heit&mem-dagen binne super leuk foar de híele famylje. Op dizze dagen kinst yn de Taletún skriuwers, muzikanten en oare artysten tsjin it liif rinne of dochst mei oan taalwurkwinkels en allerhanne taalaktiviteiten. Oer it krekte programma lêst hjir letter mear, mar set de data alfêst yn dyn aginda!

Wannear
Elke dei fan 30 maart o.m. 28 oktober 2018. Aktuele iepeningstiden fan it Talepaviljoen MEM wurde letter bekend makke. Sjoch ek op Afûk.frl.

Der op út mei heit&mem:
31 maart, 28 april, 5 en 26 maaie, 30 juny, 21 en 28 july, 4, 11, 18 en 25 augustus, 1 en 29 septimber, 20 en 27 oktober 2018

Partners
Afûk, ROC Friese Poort, Cedin en ferskillende kulturele partners

  • 30 Maart 2018 28 Oktober 2018
    Taletún
    Prinsentuin, Leeuwarden, Nederland
  • 31 Maart 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 28 April 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 5 Maaie 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 26 Maaie 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 30 Juny 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 21 July 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 4 Augustus 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 11 Augustus 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 18 Augustus 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 25 Augustus 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 1 Septimber 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 29 Septimber 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 20 Oktober 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem
  • 27 Oktober 2018 Sneon 10:00
    Der op út mei heit&mem