Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
The Sea! The Sea!.

Yn 2018 lûkt Lân fan taal troch de provinsje Fryslân mei it reizgjende festival de Talekaravaan. Yn Harns heakket de karavaan oan op de Tall Ships Races. Programma-ûnderdiel The Sea! The Sea! bringt in oade oan de see, dy’t har eigen taal hat.

De see flústeret, ropt, beswart. Wif as se is toant hja ús it iene momint har grime, om ús it folgjende momint wer suskjend yn har earmen te sluten. Wy steane oan ‘e kaai en hearre har, wy freezje en bewûnderje har, en wat hja ek ropt: wy begripe har. Wat de ôfkomst, leeftiid of it leauwen fan ien ek is: de minske ferstiet it rûzjen fan de see.

Oade oan de see
De universele taal fan de see wurdt fongen yn The Sea! The Sea!, in programma-ûnderdiel fan de Talekaravaan, it reizgjend festival fan Lân fan taal. De karavaan lûkt ûnder oaren nei Harns om tidens de Tall Ships Races in oade oan de see te bringen. Lykas de lucht fan sâlt wetter binne wy oeral oanwêzich: wy flústerje, roppe en beswarre. Us dichters dwale tusken it publyk en traktearje de minsken ûnferwachts op poëzy. De Tall Ships krije in wichtige rol: hja foarmje it dekôr foar âlde en nije ferhalen. Dat binne net allinnich ferhalen fan bekende, seeleafhawwende auteurs lykas Slauerhoff en Hemingway, mar ek dy fan in nije generaasje skriuwers. Hja gean fierder mei de oade oan de see en skriuwe oan board fan de skippen ferhalen. De see spilet ommers net allinnich in grutte rol yn ús ferline, hja is ek part fan ús takomst.

Oerâlde boarne
De see is by de hiele Talekaravaan ynspiraasjeboarne foar nij wurk en eksperimint. The Sea! The Sea! stiet tidens de Talekaravaan yn Dokkum (tidens de Admiraliteitsdagen) ek op ‘e kaart.

Wêr & wannear
Tall Ships Races Harns, 3 o.m. 6 augustus 2018
Admiraliteitsdagen Dokkum, 6 o.m. 8 septimber 2018

Partners
Afûk en Explore the North