Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Yiddish Waves.

Bolleboos, gabber, mesjogge of kapsones: de Nederlânske taal sit stiiffol Jiddyske wurden. Dat is net sa raar, want de Jiddyske kultuer fielt him by útstek yn oare kultueren thús. Dêrfan komt it dat Yiddish Waves fan ‘t jier it festivaltema ‘Heymishkeyt’, Jiddysk foar ‘dy thús fiele’, hat. It multykulturele festival, dêr’t elk wolkom is, is fan 1 oant en mei 4 maart 2018 yn Ljouwert en stiet stiif fan de aktiviteiten oangeande de Jiddyske kultuer en ús multykulturele mienskip.

Jiddysk is de taal dy’t troch Joadske minsken út hiel Europa en de wrâld sprutsen waard, in taal sûnder lân, mar mei in bûtengewoan ynteressante histoarje. In taal dy’t út Dútske, Russyske, Poalske, Roemeenske, Bulgaarske en Hebriuwske wurden opboud is. Wy brûke alle dagen in soad Jiddyske wurden dêr’t wy faak net mear fan witte dat se út it Jiddysk komme.

De Jiddyske kultuer is in hiel gastfrije kultuer. In kultuer fan leare, moetsje en ferbine. Mei in programma dat de sinnen priket fan muzyk, taal & literatuer, rûnritten, film en ‘toffe’ wurkwinkels dielt Yiddish Waves it typyske Jiddyske mienskipsgefoel, de solidariteit, de waarmte en de humor.

It muzykprogramma is in moeting fan topartysten út ferskate kultueren, dy’t allegearre deselde taal prate, it Jiddysk. Genietsje fan Alpen Klezmer, Jiddysk mei in Easters tintsje, in Jiddyske moeting mei de Mediterrané en bysûndere konserten yn it Jiddysk mei Russyske en Arabyske muzyk.

Yiddishlân yn Lân fan taal
Yn Tresoar binne mear as 15 ‘toffe’ wurkwinkels, lêzings en talkshows te folgjen foar elk dy’t mear witte wol fan de Jiddyske taal. Inkelde punten út it programma: Jiddysk foar goochemerds & schlemielen, in muzikale reizgjende foarstelling troch Yivo argyf, sjongwurkwinkel ‘Zing Jiddisch met mij’, rûnlieding Fuks kolleksje, ‘Shmueskrays’ (kletsklup), in Jiddyske ferhaleferteller en Klezmer wurkwinkel foar bern. Sjoch foar it hiele programma op Yiddishwaves.nl.

Wêr
Yn Tresoar, it HCL, de Westertsjerke en yn de âlde Joadske wyk

Wannear
1 oant en mei 4 maart 2018

Partners
Tresoar, Slieker Film, Fryske Akademy en ferskate Europeeske Jiddyske ynstituten en summer schools