Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Zinspinsels.

De bekende berneboekemakker Charlotte Dematons tekene yn opdracht fan de Fryske biblioteken en Lân fan taal de fertelplaat ‘Zinspinsels’. De plaat lit yn tekst en benammen byld sjen wat taal allegearre is. De Fryske biblioteken bringe de plaat-yn-posterfoarm yn ’e hjerst fan 2018 nei de goed 56.000 basisskoallelearlingen yn Fryslân.

Faak wurdt oer de technyske kant fan taal praat, mar de biblioteken lizze graach de klam op de wille fan taal. Yn nauwe gearwurking mei Lân fan taal hawwe se dêrom Zinspinsels ûntwikkele. De fertelplaat lit sjen datst dy mei taal uterje kinst en datst dêrmei sjen litte kinst wa’st bist.

Lykas yn it eardere wurk fan Dematons, falt der in soad op de plaat te ûntdekken. Sa stelt in kabouterke allegearre letters. Op de efterkant steane grutte en lytse opdrachtsjes dy’t bern mei harren learkrêften en âlden útnûgje om mei taal te boartsjen. De plaat wurdt troch de lêskonsulinten fan de biblioteken nei alle basisskoallen yn de provinsje brocht. By skoallen dy’t meidogge mei de Biblioteek op skoalle wurdt ek in yntroduksjeles jûn. Zinspinsels kin yn ‘e klasse brûkt wurde en mei mei nei hûs.

Wa’t mear witte of dwaan wol, kin op zinspinsels.nl terjochte. Dêr stiet ûnder oare in digitale fersy mei links nei filmkes, boektitels, nijsgjirrige feitsjes en ekstra opdrachten.