Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Simmertips foar Lân fan taal!.

SIMMERTIPS! Wat is it waarm net? Hearlik simmerwaar om der op út te gean. Lekker yn ‘e sinne bûten of efkes de lijte opsykje op ferskate binnenlokaasjes. It kin allegearre yn Lân fan taal! Wylst wy allegearre wol ta binne oan in bytsje fakânsje, gean de aktiviteiten yn Lân fan taal gewoan troch, mei tank oan de ynset fan in soad frijwilligers en hurde wurkers. Sikest noch in moaie aktiviteit dizze simmer? Wy ha efkes in flink oantal tips foar dy op in rige setten!

One of Us – Nije projeksje op de Aldehou
Op freed 27 july giet it tredde fideokeunstwurk feestlik yn premjêre op ‘e Aldehou. Dit kear in wurk fan û.o. sjongeres/dichter Nynke Laverman, filmmakker Douwe Dijkstra en muzikant/slachwurker Sytze Pruiksma, titele One of Us. De libbensgrutte koarte film mei dûns, poëzy, sang en aktearwurk, is fan 27 july ôf elke to, fr, so en si (m.û.f. 9 o/m 12 aug en 6 sep) om 22.45 oere te sjen op it skeve ikoan fan Ljouwert. Yn septimber is de starttiid 22.00 oere. Mear oer de projeksje en it programma oangeande de premjêre fynst op: Lanfantaal.frl/oneofus

MeM – Livingroom of Languages
Elke wike stiet der in oare taal sintraal yn de ‘livingroom of languages’. It paviljoen hat in unike foarm fan in frou (memfiguer) mei twa hollen (meartaligens) en stiet allinnich dit jier yn ús Taletún (de Prinsetún, Ljouwert). Under har rok fynt elke snein tusken 15.00 en 17.30 oere in oerdracht pleats fan de iene nei de oare taal met optredens fan muzikanten, dichters en oare artysten. Elke tongersdeitejûn stean der ek optredens op it programma tusken 19.30 en 22.00 oere. Op sneontemoarn kinst oanskowe by de live opnamen fan it Omrop Fryslân-radioprogramma Op & Ut. Tsjek it aktuele programma mei oanfoljende aktivteiten fia de aginda fan Lanfantaal.nl of de Facebookpagina van MeM.

Dizze simmer stean de folgjende talen sintraal:

  • fan snein 22 jul ôf / Galisysk
  • fan snein 29 jul ôf / Kornysk
  • fan snein 5 aug ôf / Asturysk
  • fan snein 12 aug ôf / Friulysk
  • fan snein 19 aug ôf / Antilliaansk
  • fan snein 26 aug ôf / Esperanto / tema: keunstmjittige talen
  • fan snein 2 sep ôf / Russysk / tema: leafde
    Facebookevents MeM – Livingroom of Languages


Deropút mei heit&mem
en Swalkboekemiddei
Op de folgjende sneonen tusken 13.00 en 17.00 oere is it, mei elke kear in oar tema, in feest foar bern en harren famylje yn ús Taletún (de Prinsetún, Ljouwert). Tagelyk is dêr ek de Swalkboekefoarlêsmiddei met it ‘ûnferjitlik lêsmomint fan …’ ferskate gasten. Sjoch foar it folsleine programma op: Heitenmem.nl/de-taletun

  • sneon 21 july / Tema: Splash! Ferhalen en gedichten // Swalkboekemiddei: Nelle Raaphorst – ‘Tippeltje’ fan WG van der Hulst
  • sneon 28 july / Tema: In beweging // Swalkboekemiddei: Helma Feenstra – ‘Vlechten Ansje’ fan N.Verkuyl
  • sneon 4 augustus / Tema: Schip Ahoy! // Swalkboekemiddei: Harry de Goede – ‘Spikkeltje’ fan Annie MG Schmidt
  • sneon 25 augustus / Tema: Lenga // Swalkboekemiddei: Nelle Raaphorst – ‘Tippeltje’ fan WG van der Hulst
  • sneon 1 septimber / Tema: Taalkeunst // Swalkboekemiddei: Tineke Marinus – ‘De zeven veren van de papegaai’ fan Paul Biegel


De Taalkaravaan
Yn de simmer lûkt de Taalkaravaan troch Fryslân. Dêrmei fersterket Lân fan taal besteande festivals en eveneminten mei in ryk (muzyk)programma dêr’t talen en ferhalen sintraal yn steane. It Taalkaravaan-motto: ‘hjir wol ik wei, hjir wol ik altyd bliuwe’. Reizgest mei? Typ yn Harns mei op autentike typemasines yn it Redaksjelokaal, sweef fuort yn de Relaxerette en lit dy meifiere op reis mei de Homsk-foarstelling ‘Us buroman yn Tallinn’. Yn Dokkum kinst oanfoljend genietsje fan ferskate foarstellings, wêrûnder Solo fan in ’t NNO en Tongen fan Nyk de Vries.


De fêste honken
Komst yn Ljouwert, dan bist by ús taalpoadium Obe oan it goede adres foar mear ynformaasje oer Lân fan taal, sjochts (hast) alle talen dy’t der oer de wrâld sprutsen wurde en belibbest de taaleksposysje fan de Britske keunstner Tim Etchells. It gebou sels foarmet in tribune dêr’tst efkes hearlik útrêste kinst en genietsje fan it útsicht op de Aldehou.

Neist de Aldehou sit de yngong nei it Stedskantoar, it gemeentehûs fan Ljouwert, dêr’t it fassinearjende DNALWD2018-keunstwurk stiet. Folje op kreative wize in buiske mei dyn ‘DNA’ en meitsje part út fan it ferhalende keunstwurk yn Ljouwert en online!

Oan de oare kant fan it Aldehoustertsjerkhôf fynst Tresoar, de skatkeamer fan de Fryske kultuer, dêr’t it tema ‘Sssstt hjir flústeret de tiid’ it hiele jier sintraal stiet. Bysûndere taalkeunstwurken en eksposysjes binnen ferspraat troch it pân. By it Histoarysk reisburo kinst dyn Fryske roots ûntdekke! Krekt as by Obe rinst dêr daagliks gewoan nei binnen.

It Historisch Centrum Leeuwarden (HCL), by de yngong nei de Prinsetún, besikest foar ferhalen en de moaiste stedsgesichten fan Ljouwert, mar dêr kinst ek ferskillende stedskuiers boeke. Bygelyks de DNA-ekspedysje elke lêste tongersdei fan de moanne en de Poëzy & Literatuer Tour elke lêste tiisdei fan de moanne. Foar bern is der in aventoerlike ‘Untdek Ljouwert’ ekspedysje beskikber! Dy ekspedysjes fan it HCL starte allgearre yn de Taletún (de Prinsetún) by it Paviljoen Liwwadders oan it wetter. Yn it paviljoen fynst de ynteraktive ekspo ‘Our past, present en future. What’s yours?’ oer de ynwenners fan Ljouwert en harren bysûndere stedstaal. Troch de Taletún hinne nûgje alderlei taalkeunstwurken dy as boarterstastellen út om yn aksje te kommen.

Yn de binnetún fan de Fryske Akademy is in spesjale tentoanstelling fan Fryslân yn kaarten, wurdt lêzen út it Frysk Hânwurdboek en wurde ferhalen ferteld yn alderlei talen. Op tongersdei 6 septimber is der in lêzing fan ûndersiker Jorieke Savelkouls oer bistetaal en it Frysk hynder en op freed 7, sneon 15, freed 21 en sneon 22 septimber kinst meidwaan oan de literêre kuier ‘De Wuttelhaven Del’, dy’t einiget by de Fryske Akademy.

Rûte
Wolsto dyn eigen rûte útstippelje troch Lân fan taal? Sjoch dan ek ris op Lanfantaal.nl/route foar mear nijsgjirrige plakjes ûnderweis. Nijsgjirrich nei de taalkeunstwurken yn de binnenstêd fan Ljouwert? Sjoch dan op Sichtberens.nl foar alle lokaasjes en mear ynformaasje. En as lêste tip: Download de game US: Lân fan taal yn de AppStore of Google Play foar noch mear taal- en boartersplezier ûnderweis.

In noflike simmer!

nijs |