Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Slotfeest LF2018 yn Lân fan taal.

Noch ien kear mei inoar werom sjen op 2018? Kom dan snein 25 novimber nei it Aldehoustertsjerkhôf! Leeuwarden-Fryslân 2018 organisearret yn it hert fan Lân fan taal in slotfeest (of de fiering fan de ReOpening), mei ek noch ien kear al ús fideoprojeksjes op de Aldehou!

It feest begjint mei it útdielen fan glühwein, kofje, tee en sûkerbôle, folge troch in feestlike talkshow fan Omrop Fryslân yn it Stedskantoar. Fan healwei sânen ôf sil der fergees stamppot útdield wurde. Nei de talkshow gean de blikken rjochting de Aldehou, wêrop’t û.o. de aftermovie van LF2018 yn premjêre giet. Dêrneist projektearje wy noch ien kear de fjouwer fideokeunstwurken dy’t yn opdracht fan ús makke binnen dit jier. Mis ‘t net!

Projecties

Een absoluut hoogtepunt van Lân fan taal zijn de schitterende projecties op de Oldehove! Wist je dat nog één kans krijgt om ze allemaal te zien? Tijdens de allerlaatste dag van Leeuwarden-Fryslân 2018 (da's zondag 25 november) kan je ze nog komen bekijken. Hoe dat er ongeveer uit ziet? Dáár maakten de mannen van Videobrouwers een heel mooi filmpje over. 😉

Geplaatst door Leeuwarden-Fryslân 2018 op Donderdag 15 november 2018

 

Programma

  • fan 17.00 oere ôf / Ynrin mei glühwein, kofje, tee en sûkerbôle
  • 17.30 – 19.00 oere / Talkshow Omrop Fryslân yn it Stedskantoar
  • fan 18.30 oere ôf / Fergees stamppot!
  • 19.00 oere / Premjêre Aftermovie LF2018, dêrnei projeksjes Lân fan taal.
  • 20.30 oere / Ferwacht einde. Yn de stêd kinst dêrnei noch genietsje fan it ljochtfestival LUNA.