Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Socht: ferhalenfertellers foar it iepeningswykein LF2018.

Op 26 jannewaris 2018 smyt de hiele provinsje Fryslân de doarren iepen. Yn musea, op bysûndere lokaasjes en miskien wol by jimme thús yn de wenkeamer treffe minsken inoar yn winterwaarme sfear om nei ferhalen te harkjen. Histoaryske ferhalen, mar ek de ferhalen fan no. In grizelich ferhaal of krekt ien mei in romantysk slot.

Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 en Tryater jouwe mei it projekt 2018ferhalen it startskot fan it kulturele jier. Rûnom yn de provinsje! Sy roppe elkenien op: “Doch mei, want sûnder dy kinne wy net begjinne!”

Fryslân brûst fan de ferhalen dy’t stik foar stik de muoite wurdich binne om te fertellen. Se litte sjen hoe ferskillend wy binne, mar litte ek ús ferbûnens mei-inoar sjen. It binne de ferhalen fan ús Iepen Mienskip. Elk ferhaal as in wrâld op himsels, dêr’t wy mei sjen litte kinne wêr’t we foar steane en wêr’t wy grutsk op binne. Mei-inoar kinne we der foar soargje dat wy der foarinoar en de wrâld binne.

Hasto ek in ferhaal datst fertelle wolle soest? Of kenst ien mei in ferhaal: sis it fierder of jou dy op!

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside 2018verhalen.nl.
Of lês dit LC-ynterview mei de produsint fan it projekt David Lelieveld.