Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Spraakapp werkent ôfkomst Fryske brûker.

De Rijksuniversiteit Groningen (RUG) en Lân fan Taal ha op 20 septimber, tegearre mei Omrop Fryslân, in app lansearre dy’t bepale kin wêr’t de (Fryske) brûker weikomt. Oan de hân fan spraakopdrachten analysearret de app oft de útspraak past by Klaaifrysk, Stedsfrysk, Stellingwerfs of ien fan de oare farianten dy’t de Fryske taal ryk is.

De app is ûntwikkele troch taalwittenskippers fan it team Stimmen fan Fryslân fan de RUG, en smyt in skat oan taalkundige gegevens op dy’t Fryske spraakbestjoering in stapke tichteby bringt. Stimmen fan Fryslân is hjirmei echte Citizen Science: mei behelp fan in smartphone, tablet of de Stimmen webside kin elkenien in weardefolle bydrage leverje. De app is fan no ôf fergees del te heljen yn iTunes en Google Play.

Lytse ferskillen
Yn hiel Fryslân wurdt Frysk sprutsen, mar hast nearne wurdt itselde Frysk sprutsen, fertelt taalwittenskipper Nanna Haug Hilton. “Het wurd ‘koken’ komt yn it Fryske taalgebiet foar as ‘siede’, ‘siere’ of ‘kokje’. En ek foar ‘zaterdag’ binne der ferskillende farianten: ‘sneon’, ‘saterdei’ en ‘saterje’. Dizze foarbylden ferriede hokker fariant fan it Frysk ien sprekt. De app werkent lytse ferskillen en lit dy fuortendaliks witte as dyn útspraak kenmerkjend is foar in regio.“

Primeur foar skoalbern
Learlingen fan it Dockingacollege yn Dokkum mochten op woansdeitemoarn 20 septimber de app as earste besykje. Mei in lesprogramma oer meartalichheid bringe Hilton en har kollega’s it kommend skoaljier in besite oan alle middelbere skoallen yn Fryslân om safolle mooglik spraakgegevens te sammeljen en les te jaan oer taalûndersyk en meartaligens. Ek Omrop Fryslân docht mei; de omrop jout de hiele wike rom omtinken oan de app en it taalûndersyk.

Taalûndersyk
De spraakapp is ien fan de manieren wêrop Hilton de Friezen belûke wolle by har ûndersyk. “Uteinlik is it de bedoeling om mei de app safolle mooglik gegevens te sammeljen oer de Fryske taal en de fersprieding derfan en dêr ûndersyk nei te dwaan. Dêrneist kinne we de data yn de takomst brûke om apps foar spraakwerkenning, lykas Siri, te ûntwikkelen foar de talen en dialekten dy’t yn Noard-Nederlân sprutsen wurde. Echt elkenien kin meidwaan oan it ûndersyk. De útkomsten binne yn de rin fan 2018 – it jier fan Ljouwert Kulturele Haadstêd – ûnder oaren te sjen by it Lân fan Taal op it Aldehoustertsjerkôf yn Ljouwert.”

Net allinne Frysk
Fryslân is in ideale proeftún foar taalwittenskippers. It is de meast talige provinsje fan Nederlân, mei in grutte diversiteit oan sprutsen talen en dialekten. Alhoewol’t de aksintwerkenning no allinne foar it Frysk wurket, beneidrukt Hilton dat de app net allinne foar Friezen of de Fryske taal bedoeld is: “Minsken kinne yn elke taal ynsprekke: Nedersaksyske dialekten, mingdialekten of migrantetalen. Hjirtroch kreëarje wy in hiele rike boarne fan gegevens oer taalgebrûk, dêr’t myn kollega taalwittenskippers fan it RUG Research Centre Arts in Society en ik ûndersyk op útfiere kinne..”

 

nijs |