Lân
fan
taal

Sykje as ynwenner Sykje as besiker nei alles mei belibbing mei haadprogramma 

Programma iepening Lân fan taal

Wednesday 24 January 2018


It earste wykein fan febrewaris iepenet Lân fan taal mei in fergees tagonklik festivalwykein. It begjint op freedtejûn mei de premjêre fan ‘Foarlopich lân / Voorlopig land’, in meartalige fideoprojeksje op de Aldehou. Op sneon 3 febrewaris hâldt Tresoar iepen hûs en op snein 4 febrewaris foeget DNALWD2018 in bysûnder ramtwurk mei buiskes ta oan […]

Taaltoer

Haadprogramma

Us taal en ús stêd, beide binne ús fertroud. Wy kenne de wurden, sinnen en fragen. Wy kenne de strjitten, de lûden, de drokte, de minsken. Dochs? Gean mei op Taaltoer en kom derachter dat taal net fanselssprekkend is en dat it ek frjemde útgroeisels kent.

Minyfestivals

Haadprogramma

Do witst al dat de Aldehou yn 2018 in spektakulêr projeksjeskerm wurdt? Dat mei fierd wurde! Dêrom organisearje Lân fan taal en Explore the Norh trije minyfestivals yn it hert fan Ljouwert. Mei de projeksjes as tankber ekskús en as ynspiraasjeboarne.

Obe – Besikerssintrum Lân fan taal

Haadprogramma

In gloednij gebou foarmet de tagong ta Lân fan taal: Obe. Do krijst dêr it wolkom taroppen as nije ‘ynwenner’ en kinst fuortdaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Belibje de keunstynstallaasje fan Tim Etchells en ûntdek wat der fierder allegearre te dwaan is!

Talepaviljoen MeM – Livingroom of Languages

Haadprogramma

Wêr komsto yn 2018 in soad talen tsjin en genietesto fan aktiviteiten  en gerjochten dy’t passe by in hieltyd wikseljende talemienskip? Yn it spesjaal ûntwurpen talepaviljoen MeM yn de Prinsetún. By MeM is it binnendoar krekt sa húslik is as dat it der oan de bûtenkant útsjocht!

Libbensgrutte projeksjes Âldehou

Haadprogramma

As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn foar fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

Taletún

Haadprogramma

De Prinsetún yn Ljouwert is fan 31 maart oant en mei 28 oktober 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Bliuw op de hichte