Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei belibbing mei min waar 

Lân fan taal nei it DRONGO talenfestival

Wednesday 20 September 2017


It DRONGO talenfestival stiet foar de doar. Op freed 29 en sneon 30 septimber fan 10.00 oant 17.00 oere stiet it Beatrixgebou fan de Jaarbeurs yn Utert hielendal yn it ramt fan taal. Lân fan taal is dêr fansels by! Wy litte alfêst wat sjen fan de projekten dy’t wy ûntwikkelje foar oankommend jier, as wy mei Ljouwert-Fryslân kulturele […]

Obe – Besikerssintrum Lân fan taal

Haadprogramma

In gloednij gebou foarmet de tagong ta Lân fan taal: Obe. Do krijst dêr it wolkom taroppen as nije ‘ynwenner’ en kinst fuortdaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Belibje de keunstynstallaasje fan Tim Etchells en ûntdek wat der fierder allegearre te dwaan is!

Talepaviljoen MeM – Livingroom of Languages

Haadprogramma

Wêr komsto yn 2018 in soad talen tsjin en genietesto fan aktiviteiten  en gerjochten dy’t passe by in hieltyd wikseljende talemienskip? Yn it spesjaal ûntwurpen talepaviljoen MeM yn de Prinsetún. By MeM is it binnendoar krekt sa húslik is as dat it der oan de bûtenkant útsjocht!

Explore the North

Byprogramma

Explore the North is in stedsfestival dat de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert as poadium brûkt. In winters wykein fol muzyk en ferhalen om dy oan te waarmjen. Do swalkest troch in spinneweb fan tsjerkjes en steechjes en fynst dêr muzyk, literatuer, byldzjende keunst en mear.

Bliuw op de hichte