Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei belibbing 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

Lân fan taal nei it DRONGO talenfestival

Woansdei 20 Septimber 2017


It DRONGO talenfestival stiet foar de doar. Op freed 29 en sneon 30 septimber fan 10.00 oant 17.00 oere stiet it Beatrixgebou fan de Jaarbeurs yn Utert hielendal yn it ramt fan taal. Lân fan taal is dêr fansels by! Wy litte alfêst wat sjen fan de projekten dy’t wy ûntwikkelje foar oankommend jier, as wy mei Ljouwert-Fryslân kulturele […]

Taaltoer

Us taal en ús stêd, beide binne ús fertroud. Wy kenne de wurden, sinnen en fragen. Wy kenne de strjitten, de lûden, de drokte, de minsken. Dochs? Gean mei op Taaltoer en kom derachter dat taal net fanselssprekkend is en dat it ek frjemde útgroeisels kent.

Frysk Diktee

It Frysk Diktee kent in lange, moaie tradysje. In soad bekende en ûnbekende Friezen weagje harren jierliks oan dizze ultime taaltoets. It Nationale Dictee ferdwynt, mar yn Fryslân dogge we der krekt in flinke skep boppe-op. Wy besykje sels in rekôr te heljen!

In feest foar dôven

Gebeartetaal en de kommunikaasje tusken minsken dy’t hearre kinne en dôf binne, foarmje ûnmisbere ûnderdielen fan Lân fan taal. Sa wurdt yn it hoarekadiel fan it Talepaviljoen de betsjinning fersoarge troch minsken dy’t dôf binne of gehoarproblemen hawwe. Giet it bestellen fan in kopke kofje krekt sa ‘maklik’ as oars? Op WereldDovenDag is der ûnder […]

Game – US: Lân fan taal

Mei in splinternije game ûntraffelest in iuwenâld mystearje! It is 1867. Cornelis over de Linden ûntdekt in manuskript yn runeskrift oer in 4000 jier âlde Fryske beskaving. Hy bringt syn fynst oan it ljocht en yn 1872 wurdt it útjûn ûnder de namme ‘Oera Linda’. Mar is it stik betrouber of hartstikke ferfalske? Slút dy […]

As taal gjin feestje is

Taal is prachtich, mar spitigernôch net foar elkenien. Ast in taalûntwikkelingsfersteuring (Taalontwikkelingsstoornis / TOS) hast, kin taal sels dyn fijân wêze. TOS is in relatyf ûnbekend begryp. Hjir bringe wy yn 2018 graach feroaring yn! Dat dogge wy mei in spesjale wike fol fan aktiviteiten, troch mei te reizgjen mei de Talekaravaan en troch learkrêften […]

Minyfestivals

Do witst al dat de Aldehou yn 2018 in spektakulêr projeksjeskerm wurdt? Dat mei fierd wurde! Dêrom organisearje Lân fan taal en Explore the Norh trije minyfestivals yn it hert fan Ljouwert. Mei de projeksjes as tankber ekskús en as ynspiraasjeboarne.

Lân fan taal op UITfestival 2017

Woansdei 23 Augustus 2017


In 2018 worden in Leeuwarden en Fryslân met Lân fan taal alle talen van de wereld gevierd. Met vele activiteiten, voorstellingen en kunstwerken in stad en provincie. UITfestival 2017 op zondag 3 september kent al een mini-vrijstaat voor talen. Verschillende instellingen laten hier zien wat zij in 2018 gaan doen. Er is een meertalig podium […]

Afûk en BUOG bouwe in Talepaviljoen yn de Ljouwerter Prinsetún

Freed 14 July 2017


Lân fan taal kriget yn 2018 in bysûnder Talepaviljoen op in bysûnder plak. Yn 2018 wurdt de Prinsetún in Taletún mei it Talepaviljoen as sintraal moetingsplak. De Afûk jout yn gearwurking mei BUOG stal oan dizze ‘húskeamer’ – ek wol ‘livingroom of languages’ – fan Lân fan taal dêr’t it publyk op alderhande wizen yn […]

Besikerssintrum Lân fan taal

In gloednij gebou foarmet de tagong ta Lân fan taal: OBE. Do krijst dêr it wolkom taroppen as nije ‘ynwenner’ en kinst fuortdaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Belibje de keunstynstallaasje fan Tim Etchells en ûntdek wat der fierder allegearre te dwaan is!

Talepaviljoen

Wêr komsto yn 2018 in soad talen tsjin en genietesto fan aktiviteiten  en gerjochten dy’t passe by in hieltyd wikseljende talemienskip? Yn it spesjaal ûntwurpen talepaviljoen yn de Prinsetún, dat fan binnen krekt sa húslik is as dat it der oan de bûtenkant útsjocht!

Libbensgrutte projeksjes Âldehou

As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn foar fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

Taletún

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt yn 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Explore the North

Froast op klomphichte, dauwe oan lege wasklinen, iisblommen op it rút. De winter slacht hurd ta yn it histoaryske hert fan Ljouwert. Tiid foar in festival dêr’t de minskesiel him oan waarmje kin!

Ekspedysje Amelân

Op it ynternasjonale fertelfestival ‘Ekspedysje Amelân – A storytelling adventure’, oer mear dagen útsmard, giest as besiker op ûntdekkingsreis. Mei it deiboek út 1818 fan walfiskfarder Hidde Dirks Kat as ynspiraasjeboarne, ûntdekst oan ‘e hân fan ferhalen ferskate kultueren en talen.

Bliuw op de hichte