Lân
fan
taal

Sykje as taalekspert nei alles mei haadprogramma 

Stimmen: wittenskip (lêzingen)

Haadprogramma

Yn 2018 organisearje Ryksuniversiteit Grins en Lân fan taal seis kear in populêrwittenskiplike lêzing, wêrby taal sintraal stiet. Hieltyd op tiidsdeitejûn fan 20.00-21.00 oere yn Obe. Fergees tagonklik, mar oanmelde is wol ferplicht.

De binnentún fan de Fryske Akademy

Haadprogramma

Yn de – gewoanlik sletten – binnentún fan de Fryske Akademy bloeie moaie taalinisjativen. Do kinst hjir kilometers Fryske wurden sponsorje litte. En fan oarsprong Fryske bisten fine, of yn elts gefal hearre hoe’t sy yn ús taal krûpt binne. Ek kampearje hjir al dy talen dy’t yn Ljouwert sprutsen wurden en ûntdeksto wat (âlde) […]

Taaltoer

Haadprogramma

Us taal en ús stêd, beide binne ús fertroud. Wy kenne de wurden, sinnen en fragen. Wy kenne de strjitten, de lûden, de drokte, de minsken. Dochs? Gean mei op Taaltoer en kom derachter dat taal net fanselssprekkend is en dat it ek frjemde útgroeisels kent.

Skatkeamer fan de Fryske kultuer

Haadprogramma

“Sssstt…! Yn Tresoar flústeret de tiid.” Foar wa’t sjen en harkje wol, is Tresoar mei al har stimmen fan hjoed de dei en út it ferline yn dokuminten, films, foto’s en boeken, in slypstien fan gedachten, in boarne fan ynspiraasje en in masine fan oantinkens op folle toeren. ‘The place to be’ foar alle kultuer- […]

1ste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres

Haadprogramma

In kongres as in taalmenu mei mear gongen, dêr’t taalkundigen en minsken mei niget oan taal graach de tosken yn sette: dat klinkt goed! Alle dagen komt in oar tema oan bod. Wat mear gongen, mei oare wurden dagen, wat mear lagen!

Stimmen fan Fryslân

Haadprogramma

Benijd hoe’t ferskate talen klinke? En de ferskate smaken Frysk? Mei in wiidweidige app kinst dat ûntdekke en in soad kennis oer taal opdwaan. Ûnmisber foar taalfanaten, – kenners en dosinten!

Fryske MOOC

Haadprogramma

Wolsto (better) Frysk leare? Dan kin dat leechdrompelich en ienfâldich mei in brede online kursus. De Fryske MOOC (Massive Open Online Course) is der foar elkenien. Wêr’tst op ‘e wrâld ek wennest. En oftst no Fries bist, toerist, ‘rootseeker’ of taalstudint!

Bliuw op de hichte