Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei literatuer 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

The Sea! The Sea!

Yn 2018 lûkt Lân fan taal troch de provinsje Fryslân mei it reizgjende festival de Talekaravaan. Yn Harns heakket de karavaan oan op de Tall Ships Races. Programma-ûnderdiel The Sea! The Sea! bringt in oade oan de see, dy’t har eigen taal hat.

Minyfestivals

Do witst al dat de Aldehou yn 2018 in spektakulêr projeksjeskerm wurdt? Dat mei fierd wurde! Dêrom organisearje Lân fan taal en Explore the Norh trije minyfestivals yn it hert fan Ljouwert. Mei de projeksjes as tankber ekskús en as ynspiraasjeboarne.

Iepen programma

Binnen Lân fan taal is der fansels ek plak foar mienskip-projekten! Yn 2017 kent de provinsje Fryslân sels in spesjale LFT-subsydzjeregeling. Ut de earste ronde binne al 7 grutte en 6 lytsere aktiviteiten fuortkommen dy’t op finansjele stipe rekkenje kinne. It binne allegearre op it publyk rjochte kulturele aktiviteiten mei spesjaal omtinken foar meartalichheid.

Potatoes go Wild

Bisto dy der bewust fan hoe wichtich bouboeren foar dyn deistich iten binne? De Biltske ierappelwiken litte dat útdruklik sjen mei ûnferwachte en literêre projekten en eveneminten. In prachtich ûnderdiel is in poëtyske útwikseling mei Malta. De haadstêd Valletta is ek Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018.

Lân fan taal op UITfestival 2017

Woansdei 23 Augustus 2017


In 2018 worden in Leeuwarden en Fryslân met Lân fan taal alle talen van de wereld gevierd. Met vele activiteiten, voorstellingen en kunstwerken in stad en provincie. UITfestival 2017 op zondag 3 september kent al een mini-vrijstaat voor talen. Verschillende instellingen laten hier zien wat zij in 2018 gaan doen. Er is een meertalig podium […]

Meartalige oankundiging fan berte OBE

Woansdei 19 April 2017


OBE is de definitive namme foar de Taalekspo op it Âldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Boubedriuw Lont wurdt ferantwurdlik foar de bou fan it sintrum foar taalbelibjen. Deputearre Sietske Poepjes makke dat hjoed yn de Âldehou bekend, by in meartalige ôftraap fan Lân fan taal.

Skatkeamer fan de Fryske kultuer

‘The place to be’ foar elkenien dy’t niget hat oan kultuer en literatuer is Tresoar, in modern bewarplak en de skatkeamer fan de Fryske histoarje. Dêr kinst yn 2018 yn ‘e kunde komme mei de rike Fryske kultuer yn Europeesk perspektyf. Fan midsiuwske hânskriften yn ‘e klûs, fia unike eksposysjes, nei histoaryske en nije filmprojekten!

De Talekaravaan

Yn 2018 lûkt it reizgjende festival de Talekaravaan troch Fryslân. Dêrmei slút Lân fan taal oan by besteande festivals en eveneminten en fersterket dy mei in ryk, talich (muzyk)programma!

Taletún

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt yn 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Explore the North

Froast op klomphichte, dauwe oan lege wasklinen, iisblommen op it rút. De winter slacht hurd ta yn it histoaryske hert fan Ljouwert. Tiid foar in festival dêr’t de minskesiel him oan waarmje kin!

Poetry Circle 058

Yn de seis Poetry Circle stêden, sûnt 2016 ek Ljouwert dêryn begrepen, komme alle wiken 15 jonge skriuwers byinoar. Se leare faninoar en fan betûfte ‘Spoken Word’-performers. Do kinst se geregeldwei optreden sjen. Of dochst sels mei?

Other Words – Oare Wurden

Dat is spannend: as skriuwer yn in lytse of minderheidstaal acht wiken ‘útstjoerd’ te wurden nei in oar lyts taalgebiet yn Europa, dêr’tst wurkest, blogs skriuwst en optredens dochst! Dat bart sûnt 2016 by it literêre útwikselingsprojekt Other Words – Oare Wurden. Untdek yn 2017 en 2018 ynternasjonale skriuwers ‘yn it wyld’ yn Ljouwert.

Bliuw op de hichte