Lân
fan
taal

Sykje as dosint nei alles mei min waar 

Feest fan taal!

Tuesday 9 October 2018


Hiel 2018 is Lân fan taal al in frijsteat foar álle talen fan de wrâld. Wy fiere de taal mei – meastentiids fergees tagonklike – festivals, projeksjes, eksposysjes en aktiviteiten. Lân fan taal is ek ûnderdiel fan de Re-Opening fan LF2018 en hat in moai programma yn novimber!

Jongereinfoarstelling Karawane

Haadprogramma

“Jolifanto bambla ô falli bambla”. Huh?! Wat? Is dit Spaansk of Afrikaansk? Nee, it binne de earste twa rigels út Karawane, in 100 jier âld klankgedicht fan de Dadaïst Hugo Ball. Hugo en oare Dada-dichters skreaunen dit ‘lûd fan ûnlogika’ om ús ris oars nei de dingen sjen te litten. Te lústerjen.

Bliuw op de hichte