Lân
fan
taal

Sykje as kultuerfan nei alles mei moai waar 

Feest fan taal!

Tuesday 9 October 2018


Hiel 2018 is Lân fan taal al in frijsteat foar álle talen fan de wrâld. Wy fiere de taal mei – meastentiids fergees tagonklike – festivals, projeksjes, eksposysjes en aktiviteiten. Lân fan taal is ek ûnderdiel fan de Re-Opening fan LF2018 en hat in moai programma yn novimber!

Libbensgrutte projeksjes Âldehou

Haadprogramma

As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn foar fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

De Taalkaravaan

Haadprogramma

Fan ’t simmer lûkt de Taalkaravaan troch Fryslân. Dêrmei sterket Lân fan taal besteande festivals en eveneminten fuort mei in ryk (muzyk)programma, dêr’t talen en ferhalen sintraal yn steane. It karavaan-motto: ‘hjir wol ik wei, hjir wol ik altyd bliuwe’. Reizgest mei?

8ste dei

Byprogramma

Yn Ljouwert wurdt in ûnbidich grutte ‘Goldbergmasine’ boud dy’t syn wjergea net hat: in enerzjike kettingreaksje fan ynstallaasjes en minsklike akjses. Dy slingeret as yn 8-foarmige rûte troch de stêd. En do kinst dêr as ynwenner of as besiker aktyf oan bydrage!

Bliuw op de hichte