Lân
fan
taal

Sykje as besiker nei alles mei moderne muzyk 

Talint fan Talant op Obe

Monday 8 January 2018


Op sneon 27 jannewaris, yn it iepeningswykein fan LF2018, trede talinten fan Talant op taalpoadium Obe op. Koar mei slachwurkgroep Syncoop bringt it Talant-Kulturele Haadstêd-liet ‘Wij maken er een feestje van’, Ronald Varwijk draacht syn gedicht ‘Talent’ foar en Kayleigh Kuypers bringt in aria.

In feest foar dôven

Byprogramma

Gebeartetaal en de kommunikaasje tusken minsken dy’t hearre kinne en dôf binne, foarmje ûnmisbere ûnderdielen fan Lân fan taal. Sa wurdt yn it hoarekadiel fan Talepaviljoen MEM de betsjinning fersoarge troch minsken dy’t dôf binne of gehoarproblemen hawwe. Giet it bestellen fan in kopke kofje krekt sa ‘maklik’ as oars? Op WereldDovenDag is der ûnder […]

Minyfestivals

Haadprogramma

Do witst al dat de Aldehou yn 2018 in spektakulêr projeksjeskerm wurdt? Dat mei fierd wurde! Dêrom organisearje Lân fan taal en Explore the Norh trije minyfestivals yn it hert fan Ljouwert. Mei de projeksjes as tankber ekskús en as ynspiraasjeboarne.

De Taalkaravaan

Haadprogramma

Fan ’t simmer lûkt de Taalkaravaan troch Fryslân. Dêrmei sterket Lân fan taal besteande festivals en eveneminten fuort mei in ryk (muzyk)programma, dêr’t talen en ferhalen sintraal yn steane. It karavaan-motto: ‘hjir wol ik wei, hjir wol ik altyd bliuwe’. Reizgest mei?

Liet XXL

Byprogramma

Al yn 1991 ûntstie Liet, in festival mei dêryn in Frysktalige, muzyktalintejacht. Yn 2002 gie Liet ynternasjonaal en joech bands yn alle Europeeske minderheidstalen út ûnder oare Laplân, Bretanje en Asturië in poadium. En yn 2018 giet Liet sels XXL!

© Saskia Wagenvoort

Yiddish Waves

Byprogramma

Bolleboos, gabber, mesjogge of kapsones: de Nederlânske taal sit stiiffol Jiddyske wurden. Dat is net sa raar, want de Jiddyske kultuer fielt him by útstek yn oare kultueren thús. Dêrfan komt it dat Yiddish Waves fan ‘t jier it festivaltema ‘Heymishkeyt’, Jiddysk foar ‘dy thús fiele’, hat. It multykulturele festival, dêr’t elk wolkom is, is […]

Bliuw op de hichte