Lân
fan
taal

Sykje as kultuerfan nei alles mei moderne muzyk 

In feest foar dôven

Byprogramma

Gebeartetaal en de kommunikaasje tusken minsken dy’t hearre kinne en dôf binne, foarmje ûnmisbere ûnderdielen fan Lân fan taal. Sa wurdt yn it hoarekadiel fan Talepaviljoen MEM de betsjinning fersoarge troch minsken dy’t dôf binne of gehoarproblemen hawwe. Giet it bestellen fan in kopke kofje krekt sa ‘maklik’ as oars? Op WereldDovenDag is der ûnder […]

Minyfestivals

Haadprogramma

Do witst al dat de Aldehou yn 2018 in spektakulêr projeksjeskerm wurdt? Dat mei fierd wurde! Dêrom organisearje Lân fan taal en Explore the Norh trije minyfestivals yn it hert fan Ljouwert. Mei de projeksjes as tankber ekskús en as ynspiraasjeboarne.

Poëzyjûn fol humor

Tuesday 16 May 2017


Op tongersdei 1 juny fynt ‘de Poëzieavond’ plak yn it kafee fan Neushoorn. It is de earste aktiviteit dy’t Lân fan taal en Explore the North yn in gearwurking organisearje. Foar ‘de Poëzieavond’ wurkje se ek noch mei De Optimist, in online kultureel magazine en in platfoarm foar begjinnende makkers. Op it programma stean jonge dichters en musikanten mei in soad talint. It tema: humor. De tagong is fergees.

De Taalkaravaan

Haadprogramma

Fan ’t simmer lûkt de Taalkaravaan troch Fryslân. Dêrmei sterket Lân fan taal besteande festivals en eveneminten fuort mei in ryk (muzyk)programma, dêr’t talen en ferhalen sintraal yn steane. It karavaan-motto: ‘hjir wol ik wei, hjir wol ik altyd bliuwe’. Reizgest mei?

Liet XXL

Byprogramma

Al yn 1991 ûntstie Liet, in festival mei dêryn in Frysktalige, muzyktalintejacht. Yn 2002 gie Liet ynternasjonaal en joech bands yn alle Europeeske minderheidstalen út ûnder oare Laplân, Bretanje en Asturië in poadium. En yn 2018 giet Liet sels XXL!

Bliuw op de hichte