Lân
fan
taal

Sykje as besiker nei alles mei skiednis 

De binnentún fan de Fryske Akademy

Haadprogramma

Yn de – gewoanlik sletten – binnentún fan de Fryske Akademy bloeie moaie taalinisjativen. Do kinst hjir kilometers Fryske wurden sponsorje litte. En fan oarsprong Fryske bisten fine, of yn elts gefal hearre hoe’t sy yn ús taal krûpt binne. Ek kampearje hjir al dy talen dy’t yn Ljouwert sprutsen wurden en ûntdeksto wat (âlde) […]

Histoarysk reisburo en -gids

Haadprogramma

Wolst witte hoe’t taal en skrift dy ferbine kinne mei dyn Fryske foarâlden? Wa wiene dy foarâlden eins? Wêr wennen hja? Hoe libben hja? Mooglik fynst it lestich om sels antwurden op dizze fragen te finen. Op ynternet is in soad te finen, mar hoe en wêr moatst begjinne? In ‘histoarysk reisburo’ helpt dy op […]

Skatkeamer fan de Fryske kultuer

Haadprogramma

“Sssstt…! Yn Tresoar flústeret de tiid.” Foar wa’t sjen en harkje wol, is Tresoar mei al har stimmen fan hjoed de dei en út it ferline yn dokuminten, films, foto’s en boeken, in slypstien fan gedachten, in boarne fan ynspiraasje en in masine fan oantinkens op folle toeren. ‘The place to be’ foar alle kultuer- […]

Liwwadders! Our present, past and future

Haadprogramma

Yn Ljouwert wurdt njonken it Frysk en in soad oare talen ek it stedsdialekt Liwwadders praat. It is tagelyk de namme fan it driuwende paviljoen dat oan ‘e râne fan de Prinsetún yn ‘e stedsgrêft leit.

Ekspedysje Amelân

Nei it fertelfestival yn maaie stiet der noch mear op programma fan Ekspedysje Amelân! Yn ‘e simmer fan 2018 kinst alle brodzige woansdeitemiddeis yn ‘e musea fan it Amelân komme om te harkjen nei – meartalige – ferhalen. Seis ynternasjonale fertellers hawwe harren ynspirearje litten troch it deiboek út 1818 fan walfiskfarder Hidde Dirks Kat. […]

Bliuw op de hichte