Lân
fan
taal

Sykje as bern Sykje as besiker nei alles mei trefwurd 

bern

Spesifyk foar bern.

Iepening Taletún & Talepaviljoens

Wednesday 14 March 2018


Yn it Peaskewykein is it sa fier, in nij part fan Lân fan taal wurdt offisjeel iepene yn de Prinsetún fan Ljouwert! Elkenien kin aanst genietsje fan de Taletún mei de twa nije paviljoens MeM – Livingroom of Languages fan de Afûk/BUOG en paviljoen ‘Liwwadders’ fan Historisch Centrum Leeuwarden mei partner DNALWD2018. Ek de Aldehou is fan freed […]

US: Lân fan Taal: unike game oer Ljouwert

Friday 19 January 2018


US: Lân fan Taal is in nije, unike game oer Ljouwert dy’tst op dyn smartphone spylje kinst. Yn dy game komst yn oanrekking mei bysûndere lokaasjes yn Ljouwert, mar ek mei de skiednis fan de Ljouwerter binnenstêd. De game gie tongersdei 18 jannewaris by de Taaltoer fan Lân fan taal yn premjêre en is fan […]

Taaltoer

Haadprogramma

Us taal en ús stêd, beide binne ús fertroud. Wy kenne de wurden, sinnen en fragen. Wy kenne de strjitten, de lûden, de drokte, de minsken. Dochs? Gean mei op Taaltoer en kom derachter dat taal net fanselssprekkend is en dat it ek frjemde útgroeisels kent.

Potatoes go Wild

Byprogramma

Bisto dy der bewust fan hoe wichtich bouboeren foar dyn deistich iten binne? De Biltske ierappelwiken litte dat útdruklik sjen mei ûnferwachte en literêre projekten en eveneminten. In prachtich ûnderdiel is in poëtyske útwikseling mei Malta. De haadstêd Valletta is ek Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018.

Obe – Besikerssintrum Lân fan taal

Haadprogramma

In gloednij gebou foarmet de tagong ta Lân fan taal: Obe. Do krijst dêr it wolkom taroppen as nije ‘ynwenner’ en kinst fuortdaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Belibje de keunstynstallaasje fan Tim Etchells en ûntdek wat der fierder allegearre te dwaan is!

Taletún

Haadprogramma

De Prinsetún yn Ljouwert is fan 31 maart oant en mei 28 oktober 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

8ste dei

Byprogramma

Yn Ljouwert wurdt in ûnbidich grutte ‘Goldbergmasine’ boud dy’t syn wjergea net hat: in enerzjike kettingreaksje fan ynstallaasjes en minsklike akjses. Dy slingeret as yn 8-foarmige rûte troch de stêd. En do kinst dêr as ynwenner of as besiker aktyf oan bydrage!

Bliuw op de hichte