Lân
fan
taal

Sykje as dosint nei alles mei trefwurd 
Lân fan taal. Frijsteat foar alle talen. Vrijstaat voor alle talen. A free state for all languages. Freistaat aller Sprachen.

Edukaasje – Pû en Fû

Neist in fergese Taal-Kit binne der mear eveneminten en programma’s dy’t foar sawol it primêr as it fuortset ûnderwiis geskikt binne.

Edukaasje – Primêr ûnderwiis

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dermei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Op de basisskoalle ûntdekst wat dyn liif fertelt, brûkst de toffe praatplaat fan yllustratrise Charlotte Dematons en kinst oan ‘e slach mei in meartalige musical!

Sjong! Zing! Sing!

Wat is der no moaier as sjonge yn ‘e klasse? Yn it Frysk, in oare taal of sels meartalich? Skoallen en klassen skriuwe yn 2017-2018 in eigen liettekst, oer harsels en harren omjouwing, en dogge dêrmei audysje foar in talintejacht yn maaie. As warming up wurde skoallen útnûge om mei te sjongen by de offisjele […]

Lân fan Taal-Kit: freegje ‘m no oan!

Moandei 17 July 2017


Yn hiel 2018 fiere wy de taal mei fergees tagonklike aktiviteiten, foarstellings en keunstwurken yn Ljouwert en Fryslân. It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan en de leafde foar taal. Der binne in soad aktiviteiten, ek op skoallen sels.

Taletún

De Prinsetún yn Ljouwert wurdt yn 2018 omtovere ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier, harren âldere bruorren/susters en harren pakes en beppes. Boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes, spannende rûtes: der is fan alles te dwaan foar húshâldings en skoalklassen!

Kongres meartaligens

In kongres as in taalmenu mei mear gongen, dêr’t taalkundigen en minsken mei niget oan taal graach de tosken yn sette: dat klinkt goed! Alle dagen komt in oar tema oan bod. Wat mear gongen, mei oare wurden dagen, wat mear lagen!

Stimmen fan Fryslân

Benijd hoe’t ferskate talen klinke? En de ferskate smaken Frysk? Mei in wiidweidige app kinst dat ûntdekke en in soad kennis oer taal opdwaan. Ûnmisber foar taalfanaten, – kenners en dosinten!

Taal-billboards troch bern

Fan ein 2017 ôf dûke yn Ljouwert billboards op dy’t bern skreaun en foarm jûn hawwe. It is it resultaat fan ‘Taal yn Byld’, in projekt fan NHL Hegeskoalle en acht basisskoallen. Bern fan ferskate nasjonaliteiten ûntwerpe de billboards yn harren eigen taal. Se sille ek op ‘e siik nei (oare) talen yn ‘e buert!

Jongereinfoarstelling Karawane

Jolifanto bambla ô fallo bambla. Grossiga m’pfa habla horem. Dit is gjin Spaansk of Afrikaansk. It binne de earste twa rigels út in 100 jier âld klankgedicht fan de dadaïst Hugo Ball. Ball en oare dada-dichters skreaune dit ‘lûd fan ûnlogika’ om de wrâld ris oars nei de dingen sjen te litten. Want wurden sûnder […]

Ekspedysje Amelân

Op it ynternasjonale fertelfestival ‘Ekspedysje Amelân – A storytelling adventure’, oer mear dagen útsmard, giest as besiker op ûntdekkingsreis. Mei it deiboek út 1818 fan walfiskfarder Hidde Dirks Kat as ynspiraasjeboarne, ûntdekst oan ‘e hân fan ferhalen ferskate kultueren en talen.

Bliuw op de hichte