
Programma Minyfestival kompleet
Thursday 27 September 2018
Op freed 5 oktober giet de 4e en lêste projeksje op de Aldehou yn premjêre. Om dit te fieren organisearje Lân fan taal en Explore the North in minyfestival op 5 en 6 oktober. Besjoch no it fergees tagonklike programma!

Sichtberens
Op in boartlike en byldzjende wize it Frysk en meartaligens sichtber meitsje yn de iepenbiere romte, dat is wêr’t it projekt Sichtberens om draait!

Wy bouwe Obe
Tuesday 11 July 2017
Lân fan taal bout Obe op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert. Obe is in ynteraktyf besikerssintrum foar taalbelibjen, ûntwurpen troch arsjitekt Powerhouse Company. Boubedriuw Lont is ferantwurdlik foar de bou fan OBE. Wy folgen it proses op de foet mei in rige fan alve koarte filmkes troch Eduard Rekker en Johannes Keekstra.

De Taalkaravaan
Haadprogramma
Fan ’t simmer lûkt de Taalkaravaan troch Fryslân. Dêrmei sterket Lân fan taal besteande festivals en eveneminten fuort mei in ryk (muzyk)programma, dêr’t talen en ferhalen sintraal yn steane. It karavaan-motto: ‘hjir wol ik wei, hjir wol ik altyd bliuwe’. Reizgest mei?

Fryske MOOC
Haadprogramma
Wolsto (better) Frysk leare? Dan kin dat leechdrompelich en ienfâldich mei in brede online kursus. De Fryske MOOC (Massive Open Online Course) is der foar elkenien. Wêr’tst op ‘e wrâld ek wennest. En oftst no Fries bist, toerist, ‘rootseeker’ of taalstudint!