Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Wat is Lân fan taal.

Lân fan taal is in gearwurking tusken in grut tal ynstellings dy’t harren yn Fryslân mei literatuer, minderheidstalen en meartaligens dwaande hâlde. Mei-inoar binne se yn de Taalalliânsje ferienige.

Lân fan taal wie yn 2018 in wiidweidich programma mei aktiviteiten, foarstellings, keunstwurken, útstallings en romtlike ynstallaasjes yn Ljouwert en Fryslân. De útgongspunten: alle talen binne gelyk en taal is sûnder grinzen. Organisaasjes, taalprofessionals en besikers waarden oproppen mei te dwaan. Om talen libje te litten, om mei taal te boartsjen en dy út te sprekken. Bliuwend resultaat fan Lân fan taal wie al taalpoadium Obe op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert. Mei de kandidaatstelling foar City of Literature kriget ek de gearwurking yn projekten en aktiviteiten in goed ferfolch.

De aktiviteiten yn it ramt fan LF2018 binne noch fia ús argyf te besjen.