Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Wy bouwe Obe.

Lân fan taal bout Obe op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert. Obe is in ynteraktyf besikerssintrum foar taalbelibjen, ûntwurpen troch arsjitekt Powerhouse Company. Boubedriuw Lont is ferantwurdlik foar de bou fan OBE. Wy folgen it proses op de foet mei in rige fan alve koarte filmkes troch Eduard Rekker en Johannes Keekstra.

Oflevering 1:
Deputearre Sietske Poepjes makket op 19 april 2017 de namme Obe bekend en it bedriuw dat Obe giet bouwen. Ek wurdt mei de arsjitekt Powerhouse Company werom sjoen op it ûntstean fan it ûntwerp.

Oflevering 2:
Wy binne op besite by de Powerhouse Company en it Erasmus paviljoen yn Rotterdam.

Oflevering 3:
We prate mei Marco Overwijk, in Fries om útens dy’t wurket by ús arsjitekt Powerhouse Company​ yn Rotterdam.

Oflevering 4:
Foardat der oan Obe bout wurde kin, moat de grûn fuort. Der binne de mannen mei harren grutte graafmasines drok mei dwaande yn dizze ôflevering.

Oflevering 5:
De basis fan Obe is stevich, in kwestje fan ‘betonwurk’. It betonstoarten komt krekt, want Obe moat fansels in soad minsken en eksposysjes hâlde kinne.

Oflevering 6:
Dit kear is it echt spannend by de bou fan Obe, want it glês waard setten. Seker in stik as seis grutte ramen fan wol 400 kilo! Dat is net samar in putsje.

Oflevering 7:
Yn dit sânde filmke sjogge wy hoe de tribunes foar Obe yn Fryslân makke wurde. It ûntwurp fan de arsjitekt is troch Gerko Tribunes yn Wytmarsum fertaald nei in kompjûterkonstruksje, iets mei ‘BIM – Building Information Modeling’. CNC Wurk yn it Hearrefean frezet dêr in moai boupakket fan.

Oflevering 8:
Obe’s deadline komt rap tichteby. Mei man en macht wurde de tribunedielen yninoar puzele en de sinnepanielen op it dak lein. Gelokkich is der noch wol tiid foar in snackje en brekt sels it sintsje noch efkes troch.

Oflevering 9:
De searje is hast op syn ein. Yn dit njoggende filmke sjochst hoe’t in tafallige foarbygonger it tige nijsgjirrich fynt allegearre en binnen yn Obe de lêste kontrôles útfierd wurde. De ‘finishing touch’ foar de iepening fan kulturele haadstêd 26/27 jannewaris en de offisjele iepening fan it gebou op 2 febrewaris!

Oflevering 10:
We kinne no wol sizze: wy ha Obe boud! En op 2 febrewaris ha wy it gebou offisjeel iepene mei in moai feestje, de premjêre fan de projeksjes op de Aldehou en dêrnei in in minyfestival. No is Obe echt iepen en bist elke dei fan herte wolkom!

Oflevering 11 – TIMELAPSE:
It alderlêste filmke yn de searje ‘Wy bouwe Obe!’ Mei de bylden fan ‘e webcam fan Tresoar ha wy dizze ‘timelapse’ makke. Wat is d’r in soad wurk ferset. Oan elkenien dy’t meiwurke hat oan it ta stân kommen fan Obe: tige tige tank! Wy sjogge jimme graach yn, op of rûnom Obe, yn Lân fan taal!

Wolst mear witte oer Obe, lês dan fierder op de projektpagina.